United States Army Corps of Engineers | |
---|---|
flagge | embleem |
Essayons Frânsk, "Lit ús besykje" | |
algemiene gegevens | |
lân | Feriene Steaten |
soarte | sjeny |
doel | ûntwerp, tarieding en útfiering sivile en militêre projekten |
bysûnderheden | |
namme folút | United States Army Corps of Engineers ("Ynzjenieurekorps fan it Amerikaansk Leger") |
ôfkoarting | USACE |
lokaasje haadkertier | Washington, D.C. |
oprjochte | 1775 |
sterkte | 34.600 boargers (2016) 650 militêren (2016) |
falt ûnder | ● Am. Ministearje f. Definsje ● Dep. fan it Leger ● Amerikaanske Leger |
offisjele kleuren | skarlekkenread en wyt |
webside | www.usace.army.mil |
Logo |
It United States Army Corps of Engineers (USACE), is it sjenykorps fan it Amerikaanske Leger. By dizze federale organisaasje wurkje sa'n 34.600 boargers en 650 militêren. Hjirmei kin de USACE it grutste ynzjeneursburo fan de wrâld beskôge wurde. It motto is: essayons (Frânsk: lit ús besykje). It korps is oprjochte op 15 juny 1775 yn Washington, D.C.
De doel fan it korps bestiet út en jou militêre en sivyl-technyske tsjinsten oan de Amerikaanske oerheid en sa ek de Amerikaanske belangen yn binnen- en bûtenlân. It korps hâldt him dwaande mei de bou fan damen, kanalen (bygelyks it Panamakanaal), kustbeskerming, mar ek mei it ûntwerp en projektbehear fan militêre ynstallaasjes (bygelyks it Pentagon), mar dernjonken ek in soad gebouwen bygelyks yn Irak.
© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search